Thornton (West-Yorkshire)

Bertehûs fan de susters Brontës, Marketstreet 74
Lizzing Thornton yn West-Yorkshire
Spoarfiadukt ûnder Thornton

Thornton is in plak yn it greefskip West-Yorkshire, en hat mei it tichteby lizzende Allerton in ynwennertal fan 15.003 (2001). Thornton leit oan de westkant fan Bradford, noch altyd fan Bradford troch grien. It plak heart sûnt 1974 wol ta de bestjoerlike ienheid "metropolitan borough" fan Bradford. It âlde sintrum is bewarre; Thornton is in typysk stedsje út it Penninysk berchtme, mar de mei nije wenwiken rûnom.

Thornton wurdt al neamd yn it Domesday Book út de 11e iuw, doe't it ferneatige wie troch troepen fan Willem de Oermasterer op strafekspedysje.

Thornton bloeide op yn de Yndustriële Revolúsje út reden fan de oanwêzigens fan stienkoal, izererts, sânstien, de oanlis fan it spoar en yn de 19e iuw troch de wolhannel. Ymport út it bûtenlân, it ferdwinen fan it spoar en moderne feroaringen sûnt WOII hawwe it plak redusearre tan net folle mear as in foarstêd fan Bradfort.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search